Foar Janneke.

Wy komme tús nei in joune stappen mei myn maten en mei dy. Ik ha krekt iin tefolle hawn en do bist gremitich. Wy kinne sa net fierder. Deade leafde. Raze, bâlte. Lilkens en ik wyt net wèrom. Wille mei net.

Wille mei net.

Ik bin grutsk op dy en tagelyk kin ik wol fan dy spuie. Do lûkst en trieuwst en liegst as in wachter, ik wyt net hwèr ik oan ta bin mei dy. Ik bìn al skeint. Ik ha op`e bealch hawn. En fan dy. Oh gotskes, ik wol eins net nei hûs mei dy. Ik reitsje it paad bjuster.

“Dit wurdt `m net” siz ik tsjin dy. Do stekst my in mes yn`e bealch. Kear op kear.  ‘Oh blikje, wat mat ik no dan?‘ Ik sjoch myn reade holle, it bèd oer de hasses, de triennen dy`t fallen binne, it bloed. Do bist de grutte man, mar do smoarst my. Ik flean my út de naad foar dy, ik doch alles foar dy. It stjonkt hjir, do seist it, ik hear de bellen fan de hel rinkeljen, forkeard begrepen wurden, krigest my wer op`e knibbels, it docht sear, it bloed spuitet dr út. Myn klean sitte dr ûnder, do hingest my op. Slachst my del, trije ronden nog.

Yn de hel bin ik better ôf. It libben raast oan my foarby.

Deade leafde. Dit kin net fierder. Ik bin grutsk op dy en ik kin wol fan dy spuie. Hast my al in pear kear del huft. Yn de hel bin ik better ôf. Al twyfelje ik….. Ik fiel dy oan my lûken mar yn`e hel is`t wis net minder.

Ik kin sûnder dy.

Ik kin gelôk fiele….toch? It mei dochs gewoan?

 

It kin.

 

It mei.

 

It mat.

 

Er is geen weg naar geluk. Geluk is de weg (Boeddha).

In bierke en musyk

Tefolle dronken, musyk barst my yn`e hasses. Gjin Miles Davis pause-musyk dy`t ik wol faker yn myn holle haf at ik me stierlik sit te ferfelen en ek gjin solo fan Motorhead`s ‘Killed by Death’ at ik lijen hawn hie mei myn freondinne. Killed by Death spylet me dan dûbel yn myn kop. De iine trije tellen letter dan de oare. Mast marris besykje, eardopkes yn en dan ‘Killed by Death’ op twa You Tubes op maksimaal folume. Dan snapst wèr ik op doel.

Ik ha de hiele joune sopen. De meer ik drink hoe lûder de musyk yn myn hasses. Ik bin al safier dat ik hast net mear prate kin. De tinzens sjitte me troch de skedel mar ik kin `r neat sinnigs mear fan meitsje, myn gedachten lykje floeibaar. Ik wol wat sizze, ik mat me op elts wurd konsentrearje, al mei al bin ik net mear te ferstean. It rinnen wurdt ek net folle better. De musyk yn myn kokosnút wurdt hieltiid lûder. ‘God save the Queen’, ‘I wanna be you dog’, ‘A blaze on the Hillside’ knetterje troch ‘Research Chemicals’ fan the Viagra Boys hinne. De lûde knoerhurde musyk yn de bar makket it allinne mar minder. Stereodop (Stir it up fan Bob Marley) ‘Wèr bin ik eins?’ sjit me troch de holle.

Wylst Blauwe Bouke me yn it ear stiet te bâlten wurd ik me gewaar fan it feit dat ik bang oan it wurden bin. Ik reitsje it paad in biitsje bjuster. ‘Dúvelje op jong!’ raas ik tsjin Bouke mar omdat ik sa dronken kin ik allinne nog mar flústerje (‘Jobseeker’ klinkt me yn de holle), myn saneamde razen hat fansels gjin effekt. Ik ha nocht om Bouke in tik op`e bek te jaan. Dat stik omkoal stiet nog hieltiid te razen yn myn ear. Hy hat tefolle hawn, hy fliebert me yn`e earen. Ik ha myn nocht fan die man (“No no no no noooo no no no whaaaaahhhhhh” sjongt Jason Williamson yn myn kop). Ik mat spuie. Trije frikandellen mei pindasaus ha`k earder opiten, ik fiel eltse hap yn myn mage. Al in skoftsje trouwes. Ik tink dat at ik spui ik ek yn myn bokse mieg. Ik mat pisje as in dolle neger. Ik kin sa min miege at`r allejer minsken neist me stean to gowen yn de pisbakken. Ik tink dat se nei myn lul sjogge. Ik tink dat omdat ik soks sels ek doch.

Ik jou Bouke in trieuw. “Jou dy ôf jong! Pak dy op!” Kristus, hy sit me hieltiid oan de bealch en dat razen fan him makket me woest. Bier en frikandellen komme my op. Ik tuf in bekfol kotsachtich guod op`e flier. Ik sjoch yn it locht fan`e diskolampe dat it plâske kots dampt. Liket moai. Ik sil op wei nei it skythûs. Ik mat sa aldermachtichst noadig miege, de lea docht my sear (ik hear Ian Gillan in gitaar neidwaan yn ‘Strange kind of Woman’ op ‘Made in Japan’ en dat makket it libben net in sprút makkeliker). Ik fiel in set yn myn règ, ik stroffelje en sla mei myn snút tsjin de râne fan de bar. Myn earms wolle kear siikje mar se gliedzje fuort op de wiete bar en ik gean op myn bek. Ik kom teloane tussen de krukken. Ferdôve klim ik tussen de barkrukken wei. Ik hear it intro fan White Rabbit fan Jefferson Starship yn San Francisco yn Winterland myn holle. Tegjerre mei ‘Pinstripe Willy’ fan de Oblivianen.

‘Gniiz net sa dom jùh, dom wiif.’ Siz ik tsjin it mokkel oan de bar. Blykber docht de volumeknop fan myn stim it ek wer. It mokkel begjint as in ylden te raazen en har freon komt op my ôf. Ik siikje steun by him omdat ik wankel op`e poaten stean, ik hingje op him om. “Né jong best genôch, ik hie me de hasses halde matten tsjin dat domme wiif fan dy. Sorry boeke.” Besykje ik nog. Ik fiel de knokkels fan him op myn foarholle beuken. It dúzelt my. (Au ferdomme en Careering spylet yn myn kop). Ik sla èfteroer en donderje op`e groun. D`r foue sich in pear grutte pjurken om myn hâls en ik fel de fûsten op myn kop reinen. Bloed rint me yn de bek. Efkes letter hald it op. Ik wrakselje mysels oerein. Ik bin ljocht yn`e holle. Taggelyk fiel ik dat iin me by de nekke pakt en meisleurt. Ik mat no echt spuie. In grutte straal kots fleant me út de waffel. Ik sjoch de stikjes frikandel fleanen. Ik hear minsken razen en gniizen, ‘Hâld jim de bek ris, kristus noch ta.`

Ik fiel dat ik by it stoepke del dondere wurdt. Ik mieg yn`e broek. Wèr bin ik? Hwa bin ik? Ik spui tagelyk alles mar werris onder. De bealch docht me sear.

‘No nei hûs’ tink ik neidât ik wat bekaam bin. Falt me tsjin. Eltse kear at ik oerein kom lazerje ik wer om. Ik ha de knibbels út de broek en alles docht my sear. Ik rûk in fleugje stront, ik sil toch net yn de hûnestront lein ha? Ik wol nei hûs (Normaal. It nummer spylet me yn de kop). Ik rin mar ik fal. Efkes letter liz ik wer plat op’e bek neidat ik in pea stappen ôflein ha. Ik haf de hiele dyk nédig, ik koarje grutte plakaten wyt skûm út, ik kôgje op in stikje frikandel wat ek al in skoftsje yn myn mage sitten hat. It prieuwt nog nei frikandel. Ik kom wèr oerein neidat ik wer fallen bin. Ik liz mei de lea yn in wetterplasse, ik wol lizzen blieuwe mar dat kin net. Ik kom wer oerein, ik sakje troch de knibbels. Sil ik oars nei hûs knibbelje? Nei twa meter stop ik. It raast my yn de hasses (RamJam mei Black Betty), it bûnset me yn de kop en ik blieuw stront rûken.

Ik fjochtsje me by de trep op, skuor me de klean fan`e bealch sa goed en kwea at it giet en myn freondinne wurdt wekker, se seit neat mar ik wyt datse lulk is. Ik donderje werris om, mei de hasses op it nachtkasje.
Ik krûp neist myn freondinne tussen de klamme lappen. Ik stjonk nei stront. Joepe wol se net, se is lulk. Se seit dat ik har fan de lea ôfblieuwe mat. Ik mat de douche yn. Ik ha yn myn bokske skyten, ik ha spui yn myn hier, stikjes frikandel. It waarme wetter docht my goed. In skjinne ûnderbroek oan en op bêd. De wrâld draait, ik ha myn eagen ticht en ik bin beroerd. Ik fal yn sliep, flarden fan wat ik by it ein hawn haf sjitte me troch de kop. Ik bin sa kâld as in bok, ik wol myn freondin oankrûpe mar ik fiel dat se opskowt, by my wei. Ik skodzje d`r oer. Ik hear orgelmusyk fan de eigner fan de bioscoop fan froeger dy`t`r spyle yn`e pauze. Alles oan my fielt swier.

Ik wurd wekker. Ik mat miege. In blaas as in skippybal.

Ik wol in wiet mofke op myn foarholle. Ik wol ek in tobke. Ik reitsje starich oan wei. Ik bin siik. Ferdomme.

Hoe let is it eins? SOS seit de wekker. Is dat kloateding ek nog kapot.

Kom ik moarn te let op de bouw.

Ik mat skyte.

Ooohhh.

Siik

Siik.

Doe`t ik de kroeg binnenstapte nei de hiele midje yn it sikehûs sitte te haffen hie ik nea mear nocht oan in kâld fleske bier as doe. Ik hie te hearren krigen dat ik oer net al te lange tiid de mûts ôfsette soe. Ik hie al jirren in bloedhoerehekel oan it libben, mar doe`t de dokter dúdelijk makke dat ik ‘fol siet’ waar it me toch kjel om`e bealch.
“D`r is neat mear oan te dwaan menheer Mol. “
“Gotferdomme.” Mear koe ik net útbringe. Myn libben flitste koart troch my hinne. De hichtepunten makken mar in ferrotte lyts stikje út fan de tradysjonele film dy`t jo dan sjogge. Saken dy`t net goed gienen spylen de haadrol. Ik seach master Pindakaaskop oan my foarby flitsen. Wat in stik ongeluk wie dat. Hy wie de haadmaster fan de 6de klasse. Doe`t we ôfswaaiden fertelde hy dat wy de minste klas wieden dy`t`r ea hâwn hie. Pier Kakwang wie yndie in ferskrikking mar mannen as Ame Sturt en Eelke wieden bêste jonges. Eelke hie doe al in fleispet trouwes.
It pakte me ek by de strot dat ik allinnich stie. Ik hie gjin minsken mear om my hinne. De frou wie jirren lyn al útnaait en myn bern hie ik al in skoften net sjoen. Gjiniin dy`t foar my soarchje sil at ik lis te stjerren. Ik wist doe net hoe ik dr mei oan moast. In frou fersiere waar `m ek net mear.

Ik skrok wekker doe`t Bearnd, de kroechbaas, frege at ik ek nochris wat bestelle woe. “O jawis, jou my mar in pot bier.” Ik sèg Bearnd rinnen en ik ropte him `efternei dat `r fuort wol twa flessen meinimme mocht.

It kâlde bierke gliid me troch de hâls. Lekker heite. Ik ha altyd graach in bierke mocht. Foaral kâld. “Hoe ist jong?” frege Bearnd, de kroegbaas, “Giet it wol goed mei dy?”
“Wattan jong. ” Ripposteare ik, “Hoesa ‘git it wol goed mei my’. Ald wiif!”
“Sjochst`r út al hiest fjirtjin dagen net skyten!” lake Bearnd. Gjiniin is grappiger dan Bearnd. Fynt `r sels.
“Dat kloppet boeke. Ik sit fol. Neat mear oan te dwaan. Ik stjer oer net al te lange tiid.” Ik seach dat Bearnd skrok, hy duts it laad yn en frege me: “Bin wy lyk?”

Ik wist bliksemse goed dat wy net lyk wieden, ik hie nog in rekken stean. Ik wie eins ek net fan dûl om disse skries nog jild te jaan. Ik wie dr fan oertsjûge dat hy sa no en dan wat ekstra streepkes op myn rinnende rekken sette. Ik koe dat net bewiize fansels mar eltse kear at ik mei in knip yn it ear nei hûs stroffele wie en de oare deis wer kaam wie ik dr wis fan. Op in dei trieun ik in frikandel yn it putsje fan it urinoir om de ôffoer te ferstopjen. Fanweges de ekstra streepkes op e rekken, snappe jo?

“Héjong Bearnd, hasto ea wol op skoalle sitten jong? Domme dúvel die`st bist?” Ik wie sa narrich as de hel, de Pindakaaskop spûke my hieltiid troch de holle, ik hie de smoar yn omdat ik dea gean soe en ik mocht Bearnd al jirren net. Omkoal. Ik socht lijen. Gjerrit kaam neist me sitten. Him koe ik ek al net útstean, ik wie nea fergetten dat ik him êfternei siit omdat ik him op de bealch slaan woe. Ik wie 17 as soksawat. Gjin idé wêrom ik him slaan woe destiids mar ik mocht him nog steeds net. Lillike lulhannes mei syn memmeflek op syn wang. Gatferdamme, suertsje. Gjerrit bestelde in Rivella. Hy seach me oan mar ik krige neat. “Bearnd jonge, mei ik twa potten bier en in Rivella.” Ropte ik. “Tinkst om`e rekken?” sei Bearnd. Ik wist samar dat ik Bearnd it ljocht út de eagen slaan woe, wat in misselik eindsje guod. Ik stjer en hy is bang dat`r syn sinten net kriget. “Bearnd jonge, ik bin deasiik en stjer mei in pear wieke en do sitst oer jild yn.
“Giesto dea!? Soe tiid wurde!” lake Gjerrit. “Atst riede kinst wa ik fannemidje fietsen seach krigest in bierke fan my.” gie Gjerrit troch. Ik wist it fuort. Pindakaashasses. Op syn Batavus mei trommelremmen mei stankjes ynstea fan kabels, Brooks sadel. En altyd hie dr in platte pet op, mei rútsjestof en in reade pompoen dr boppe op. Fietste dr troch de stêd, de règ rjocht, petsje op syn rûne hasses. Ik koe nog altyd wol spuie fan die man.

Ik skrok. Samar. Ik frege om in nij bierke, Bearnd begon wer oer de rekken en yniinen wist ik it. Ik klapte wat euroos op de bar en naaide út. Op internet benadere ik in âlde maat fan my. Fia Telegram frege ik him at `r in pistoal oan my leverje koe. Hie koe dat. Op in reinerige joune op Lauwerseag kaam dr in knakker op my ôf dy`t berne wie yn de woestijn. Hie liet my it pistool sjen. Ik woe it pistoal efkes yn myn hânnen haffe. It mocht net. Earst jild, dan sjen. Ik raamde it pistoal út syn pjurken en raasde “Ik sei dochs dat ik it earst fêsthalde woe!” wylst ik dat sei rjochte ik it pistoal op de foarholle fan de man dy`t berne wie yn it Rif gebergte. Ik helle de trekker oer. Ik skrok mear fan de knallen dy`t it pistoal makke dan fan de straal bloed dy`t by de ferkeaper fan it pistoal út`e hasses spuite. Hy siige troch de knibbels en kúkele om. ‘Moai. In gratis pistoal. Goed dien boeke!’ Ali lei te spinfuotsjen op de groun, heal yn in wetterplasse. Ik romme it lyk fan Ali net op. Dat soe myn plan allinich mar dwèrs sitte. Ik sprong op`e fiets en ‘op fietse’ fan Daniel Lohús spyle me troch de holle. En ik seach it petsje mei de reade pompoen foar myn tichte eagen.

Ik stapte letter de kroeg yn. “Ik wo efkes mei dy ôfrekkenje Bearnd” sei ik wylst ik de Colt 1911 A1 yn de bûse hie. ‘Ik sil de rekken efkes opsiikje’ sei Bearnd. “Ik kom mei dy ôfrekkenjen Bearnd.”
“Huh, wat bedoelst?” sei dr, hy seach om en seach yn de loop fan de Colt 1911 A1. Punt 45. Dikke doppen. Rom 11 streep. Ik helle de trekker oer en de dikke dop sloeg de hasses fan Bearnd oan smots. Hy gie del as in blok. Ik foun dat `r it fertsjinne hie. Dat gejank om jild hieltied.

Ik bliewn sitten mei Pindakaaskop. Wèrrom hy myn hiele libben yn myn kokosnút sitten blieuwn wie wit ik net. It mat toch in stik ongelok west weaze. Ik ha myn hiele libben nocht hawn om him om te lizzen. Apart saakje. Doe`t Bearnd ophâlden wie te dwyljen en te stúptrekken en de stikken harses fan de muorrre ôfgliiden wie wist ik wat ik te dwaan hie. Ik wie dr wis fan dat hie nog altyd op`e selde plek wenne. Neist de âlden fan it jonkje dy`t nea wat ferkeard dwaan koe. It lytse VVD-erke. It wie dat hy in kop grutte wie dan my oas hie ik him in wâld op`e bealch joen.

Ik kloppe op`e doar fan de Pindakaaskop mar dr waar net iependien. De bel die neat mear as “krrrgg krrrgggg”. Ik hufte noch in pear kear. Doe`t ik oan de kruk siit mork ik dat de doar gewoan iepen woe. Ik ron nei binnen, it stonk nei hûn en bedoarn fretten. En nei petsjes mei pompoenen. Reade pompoenen. Ik sloeg de doar iepen, myn fûsten lutsen wyt wei en de holle stie my strak, ik sil mei dy ôfdopje boeke! Ik sil mei dy rêdde!

Ik wie dr nog net oer út at ik him ôfbeule soe as at ik him gewoan myn gratis pistoal yn syn snuffert trieuwe soe. Beide lieken me wol wat. Wat ik seach doe`t ik de opdekdoar nei de keamer iepene sil ik nea fergjitte. Master de Jong hong heal onderútsakke oan de tafel. D`r stieden in moai protte blikken Pitbier en Schultenbrau Ezelpis op`e tafel. Hy hie in brúne breidene trui oan mei in grut gat dr yn. At ik pindasaus yt dan sitte dr altyd plakken yn myn klean mar dat wie neat fegeleken by de Pindakaaskop. Hy hie plakken fan trije wieken yn syn klean. It giel fan in aai ron him by syn waffel del, pindasaus, chilisaus, mayonaise en oare dingen wèr ik net fa witte woe wat it wie. Sperma, stront, kots, smegma as snot, as allejèr. Ferdoary, die master de Jong. Hy stonk nei stront en pis doe`t ik by him yn de buert kaam. ‘Ferdomme âlde wat bist ôftakele.’ Ik sloech him om`e hasses mei de flakke hân om him wat wekker te meitsjen. Dat wurke net. Ik sloegh wat hurder. Op`e groun lei syn pet mei de reade pompoen, ik skodde it nustje kittens dr út en sloech Pindakaaskop de pet op syn hasses. It wie krekt al barde dr wat, mei him en mei my. Hie skrok wekker. Ik pakte in stik keukenrol om syn bek skjin te meitsjen. It foel net ta, al die droege koarsten om syn freet sieten aardich fèst. Mar nei in skoftsje slagge it. Ik luts him de bokse fan syn reet, skuorde him de ûnderbroek fan de lea, pakte in mofke en wâske syn wiete pokdalige skyter, syn lytse man en luts him skjinne klean oen. Ik koe it net litte.  Ik soe en moast him fersoargje. Ik hie ynienen begrutsjen mei him. Alles wat ik oan soarch yn myn bealch kwaam dr út.

Hy waar wekker. “Fokke, ben jij het!? Links rotjoch! Wat doe je!? Bert! Bert!” raasde Pindakaaskop. Bert wie de namme fan de jonge dy`t nea wat ferkeard die op skoalle. It wie de buorjonge fan de master, it VVD jonkje. Fan kleare skrik begûn ik de master om te seamjen. Doe`t ik de master fan de 6de klasse om`e hasses sloeg waar t my wat ljocht yn`e holle en ik gie fan de sokken. Ik waar wekker yn it siikehûs. Nei twa dagen sei de dokter dat ik fol siit.  En stjerre soe.

Ik seach de Pindakaaskop nog op syn fytske, ik seach Eelke en Ame Stut en ik gûlde as in lyts bern.

Lodewijk Asscher

Lodewijk Asscher maakte vandaag wereldkundig dat hij premier wil worden. Asscher is altijd al een salonsocialist geweest maar sinds zijn vrijage met Rutte (2012) is Asscher zelfs geen salonsocialist meer. Asscher is verworden tot een liberaal.

Asscher is van mening dat Nederland toe is aan een eerlijker, vriendelijker en fatsoenlijker perspectief. Laat dat nu net dié drie dingen zijn die Asscher met de PvdA heeft verkwanseld. De PvdA werd geil van het vooruitzicht de dienst uit te maken, van regeringsverantwoordelijkheid maar jammer genoeg werd de PvdA het slaafje van de VVD. De PvdA zakte later van 38 naar 9 zetels. Dat maakte duidelijk hoeveel waardering en vertrouwen de PvdA nog van de kiezer kreeg.

In het Algemeen Dagblad stond vandaag een interview met Asscher. Met zijn kenmerkende scheve lachje wist Lodewijk te melden dat mensen soms fouten maken. Da`s duidelijk. Ik heb ooit PvdA gestemd. Dat was een fout zeg, poeh!

Het versneld verhogen van de AOW leeftijd en het afschaffen van de Sociale Werkvoorzieningen. Eigenlijk gewoon een ordinaire bezuinigingsmaatregel van 1,5 miljard met een ongekende impact op het leven van een beoepsgoep van zo`n 90.000 mensen. De Participatiewet was ook zoiets. Participeren werd gepromoot in een periode dat individualisme erin werd gestampt.

Vanavond zat Lodewijk bij Jinek. Hij grijnsde als vanouds. Tja, de foutjes die hij had gemaakt zou ie niet weer maken, een mens maakt nu eenmaal fouten hè, tja…jammer. Jinek reageerde fel op Asscher`s luchtige manier van vertellen. Asscher leek op geen enkele manier te beseffen wat de impact van zijn foutjes zijn. No fuck was given. Hij bleef maar grijnzen en duidelijk maken dat mensen nu eenmaal fouten maken.

Ondanks dat Asscher niet naar Eva Jinek spuugde zie ik in Asscher een politieke variant van Gokman Tanis.

Volledig gewetenloos, een ernstig verstoorde werking van het geweten en het invoelend vermogen van een krokodil die in de rivier ligt te wachten op een overzwemmende baby-gnoe.

De grijns van de krokodil lijkt op die van Asscher.

Armin A. Loverboy

Tegen Armin A is vandaag 4 jaar cel en TBS geeist. We kennen Armin A natuurlijk allemaal nog van de zaak Valkenburg waarin hij als Loverboy de 16 jarige Kimberley voor hoer zette in een hotel in Valkenburg. Zo`n 80 klanten werden opgespoord omdat seks met een minderjarige gewoon strafbaar is. Twee van de klanten pleegden zelfmoord. Ze konden de schande niet aan.

Armin was 5 jaar ouder dan Kimberley, ze was helemaal hoteldebotel, tot over haar oren verliefd op de hyena die haar kapot zou gaan maken. De relatie duurde kort maar Kimberley bleef verliefd. Hij kreeg Kimberley zo ver dat ze elke keer als ze hem ontmoette €100 aan hem betaalde. Liefde laat mensen gekke dingen doen nietwaar? Op een gegeven moment kwam Armin met een idee en even later staan de mannen letterlijk voor haar in de rij in een hotel in Valkenburg, men kon zich aanmelden via Kinky.nl

Armin A kreeg twee jaar gevangenisstraf. Meteen nadat hij die straf uit had gezeten ging hij verder met de handel in wiet, hash, coke en XTC. Tijdens zijn voorarrest deed hij zijn uiterste best om zijn handeltjes vanachter de tralies voort te zetten.

Het loverboy, wietdealer en roofdier genaamd Armin kreeg een relatie met een 19 jarige klant. De relatie kwam tot een eind toen Armin van mening was dat zijn vriendin informatie over hem had verstrekt aan iemand anders. Onder zware bedreigingen heeft hij zijn ex meegenomen naar een terrein bij Landgraaf waar ze onder toeziend oog van Armins vrienden een pak ransel kreeg. Ze zei tegen haar moeder dat ze wel mee moést anders zou ze vermoord worden en haar familie iets aangedaan zou worden. Slaan, schoppen en het meisje met het hoofd tegen een auto rammen. Het tuig heeft zich waarschijnlijk mannelijk gevoeld toen Armin haar verrot schopte en ze allemaal toekeken. Armin`s ex werd thuis afgeleverd, haar moeder herkende haar dochter nauwelijks meer.

Op de dag van de zitting werd Amin`s ex nog bedreigd van verschillende kanten. “Als je Armin naait dan ben je verder van huis.” Wist een dame met een buitenlands accent te melden via de telefoon. Meerdere telefoontjes volgden en lowlife Armin zette zijn ex flink onder druk om haar verklaring te wijzigen.

Volgens het Openbaar Ministerie is Armin agressief, arrogant, manipulatief, bedrieglijk en narcistisch. Kortom, een ongeneeslijke persoonlijkheidsstoornis.

Waarom eist een OM nog TBS voor zo`n gast? Behandeling heeft geen enkel resultaat, net zoals het behandelen van Michael P. geen resultaat heeft. Het behandelen van zo`n beest kost duizenden en het zal geen enkel resultaat hebben. Na een tijdje is men van mening dat dit onderkruipsel wel weer de staat op kan en binnen de kortste keren slaat deze lafaard weer toe.

Levenslang is de enige oplossing voor een profiteur als Armin.

Of afschieten. Als een hond.

Michael P. Het Debat.

Het ging vandaag over de fouten die zijn gemaakt in de behandeling van Michael P. Er zijn veel dingen misgegaan, onderzoeksresultaten en diagnoses werden niet overgedragen van de gevangenis naar de GGZ kliniek. Dat mag in Nederland. De wet op de privacy geldt voor iedereen, ook voor ongeneeslijke zieke gekken zoals Michael P. Michael`s seksuele afwijkingen werden niet bekend bij de GGZ kliniek, hij weigerde bovendien een psychiatrisch onderzoek. De man die twee meisjes op brute wijze verkrachtte, ze meenam naar een andere, rustiger, plek en ze nogmaals verkrachtte en de meisjes seksuele handelingen bij elkaar liet uitvoeren. Dit onder bedreiging van een neppistool. Hij schepte op over de verkrachting tegenover vrienden en hij gaf aan geen spijt te hebben.

Het was voor Michael een droom die uitkwam. Hij wilde altijd al eens iemand verkrachten. Voor de meisjes van 16 en 17 was het een nachtmerrie die uitkwam. Michael P gaf aan niet stil te staan bij wat hij anderen aan deed. Cocaïne en drank vervlakten zijn al nauwelijks aanwezige empathie. Hij mishandelde zijn vader en bewerkte een vriendin toen ze de relatie met hem wilde verbreken met een kapot bierglas.

Na een aanvankelijke straf van 16 jaar werd die tot 11 jaar terug gebracht in hoger beroep. Na 7 was het tijd om Michael P. te resocialiseren. Duidelijk had toen moeten zijn dat Michael een Anti Sociale Persoonlijkheids Stoornis heeft.

Iemand met ASP of ASPS heeft geen geweten, liegt, steelt, houdt zich niet aan regels, houdt geen rekening met anderen, is altijd uit op persoonlijk voordeel ook al gaat het ten kosten van een ander, vechten, bedriegen, een berouw, zeer verslavingsgevoelig, moeite met plannen, geen zicht op de gevolgen van zijn daden, prikkelbaar, agressief, impulsief, geen verantwoordelijkheid nemen. ASPS gaat vaak samen met één of meerdere van de volgende psychische aandoeningen:
Angststoornissen, depressie, stoornis in de impulsbeheersing, periodieke explosieve stoornissen, het misbruik van middelen zoals alcohol en drugs, reactieve hechtingsstoornis, ADD, ADHD, Borderline stoornis, theatrale-, narcistische- en sadistische persoonlijkheidsstoornis.

Even voor alle duidelijkheid. De meeste moorden op vrouwen worden gepleegd door mensen met ASPS en Narcistische Persoonlijkheidsstoornissen (NPS).

Een dergelijke stoornis in ongeneeslijk en dus onbehandelbaar. Wanneer in de vroege jeugd de stoornis –of het vermoeden van de stoornis- wordt ontdekt dan is er wellicht nog enige verbetering mogelijk door intensieve begeleiding en behandeling. Dat gebeurt maar zelden. De stoornis ontwikkelt zich over het algemeen pas na het 18de levensjaar. En dan kan het snel gaan.

Het debat ging over het voorkomen van fouten in de behandeling van mensen met een dergelijke stoornis.

Behandeling?

Er ís geen behandeling.

Levenslang opsluiten. Klinkt gemakkelijk. Maar het is de enige mogelijkheid. Potentiele moordenaars moet je niet loslaten in de maatschappij.
Het is van de zotte dat professionals zulke mensen willen behandelen. Tegen beter weten in. Geitenwollensokken menselijkheid, het idee dat elk individu een tweede kans moet krijgen. Fuck it! Dit volk moet geen tweede kans omdat ze uiteindelijk toch weer op jacht gaan naar een slachtoffer.

Het pappen en nathouden in optima forma, men houdt elkaar voor de gek door net te doen alsof de stoornis te behandelen is. Vervolgens nemen we voor lief dat er elk jaar nieuwe slachtoffers vallen.