Rot op

Alle godverdomde prietpraat

Much ado about nothing

Denk je dat het me wat kan rotten?

Hoe het met je broer of zus gaat?

Nieuwe fiets, auto of huis

Of hoe het met jou gaat.

Ik vráág je niets eens

maar je vertelt het me wel

je beste maat is dood

en je moeder ook

ik moet er van gapen

ik ben alle interesse in je kwijt

je vraagt mij niet hoe het gaat

ik hoef niet tegen je te liegen

ik weet dat het je niets kan rotten

hoe het met mijn werk gaat

of met mijn vriendin

of mijn leven

 alle verdomde pietpraat

gedoe om niets

je praat veel

maar je zegt niets

rot op

Rot Op²

Ik sien dei lopen in de stad en ik dink, ‘gotferdomme, dèr hewwe hur oek weer.” En ferdomd, raadst ut al, komst op me af.

“Heej, hoe gaat ut met dei? Skoft niet sien. Ik hef nog un protte aan jou dacht weetst! Mar hoe ut gaat nou? Hèst al hoort dat dinges dood is? Dou kinst `m wel, hij lag dood op bèd! Bitsje last fan syn armen en nou idder dood!”

Good riddance dink ik, ik mocht `m niet. Ik bin bliid dat ik fan die sukkel af bin. Konst `r niks met. Rot nou mar op te seiken. Ik loop ferder en kom een ouwe buurfrou tegen. Ferdomme oek dat nog!

“Ik bin skeiden, Frans kon `m niet mee overeind krije en dou weetst dat ik myn behoeftes oek hef. Jou toch oek? Nou dan! Ja, ik mut sû nou en dan een eind paal heffe. Ik hef ut anleit met die kerel út Sneek die naast mei woont. Kinst `m wel, hij hèt bij dei werkt, die sigeuner. Frans kwam tús doet ik met die fent op`e kooi lag, kinst nagaan. Frans was niet bliid. Mar ik sei dat at de Jumbo gien wuttels het dat ik se dan wel bij de Coop kopen gaan.”  

Hij had dei dood slaan mutten dan haddest dyn bek tenminste houden, en Frans had die die kut-buurman oek dood slaan mutten.  Rot op met dyn geseik.

Oooohh, dèr hewwe Blauwe Marten. Die sil mei oek wel wer heffe mutte. Ja hur….

“Hèst hoort dat myn dochter een kleinen hèt? Se is toch met die grôte neger op de de koai weest en die het hur met jong set. Doet hij ut wist is dr  útnaait naar Aruba wèr hij futkomt.  Mar een lief kind hur. Siet dr moai út met har kleurke. Ik mut eigelik niks fan swarten heffe trouwes, mar se binne niet allemaal min hur, dr sitte oek wel goeien tussen.”

Weer een ekstra útkeringstrekker, weer een Held fan de Meenthe. Rot op man met dyn geseik. Ik loop eefkes naar de Poiesz, de sprútsjes binne in de aanbieding!

“De woningboufereniging kinst oek gien fllikker met. Ik hèf al weken een stinkende afvoer in de keuken. Ik staan werkelijk waar te kokken at ik in de keuken bin. Ik mut dr hast fan spuie. Wat dinkst! Ik hèf al vier keer belt, se nimme niet iens op!” Seit in wildfreemd oud wiif tegen mei.

‘Dat sú ik oek niet doen at ik wist datstou belle súdest, ouwe tang’ dacht ik.

“Magst oek sprútsjes? “ Fraagt ut ouwe froutsje aan mei. “Ik fien se su lekker hè. Krekt eefkes ‘al dente’ koke, binne se krekt niet bitter. Kanst d roek wat melk deurheen gooie, dan worde se oek niet bitter. Mar melk is su slecht foor je darmen nou, je rake dr fan aan de dunne. Je skijte je út de naden!” Ik fertel hur dat ik de sprútsjes altiet eet met pindasaus. 

“Spoare jou ferdomme wel? Je frete toch gien sprútsjes met pindasaus! Dan skijte jou je sowieso út de naden!” de frou loopt leeg, staat te gillen al waar se om seep holpen. “Heffe jou de gek met mei? Met dien pindasaus!? Ik klau je de ogens út`e hasses!” skreeuwt se.

Ik foel sumar de onstuitbare drang om har te wurgen. Ik fou myn hânnen om de kippenek fan de frou en ik begin ut leven út hur furt te kniepen. Ik foel de spieren en de bonkjes in hur nek en hals, se skopt me tegen myn poaten en ik kniep harder. Se piept nog wat, hur gebit falt har út har bek. Hur ogen wurde kleiner, die fan mei oek. Die fan hur omdat ut leven út har fut floeit, die fan mei omdat ik mear kracht aan ut setten bin.

Ik foel dat se slap in myn hannen wurdt, ik sien datse in hur broek pist.

‘Ferdomme, dat geseik de heule dag’ skiet deur mei heen en ik laat de ouwe tang los, se sakt immekaar en falt in hur eigen pis. Ik kiek om me heen, ik sien gien ien in it paad wèr ik staan. Jezus, dat gesanik de hele dag om myn hasses, ik krij dr súver de smoor fan in.

Ik foel me oplucht, ik loop even naar King Kong om een elpeetsje en miskien daliks nog eefkes naar de Weaze.

Lekker weerke fandaag.

De Josti-auto

De Josti-auto.

It helske weintsje mei har bestjoerders út`e hel. Foar de safolste kear kin ik mei gjin mooglikhied hurder dan 45 kilometer yn`e oere, ja jo lèze it goed, 45 yn in oere, in OERE! Ik fyn it net beswierlik om yn te heljen, at it mat dan ek krekt foar in blyne bocht. Ik ha nea hwat wûn yn in lotterij en dèrom bin ik dr wis fan dat myn gelok leit yn it ynheljen yn blyne bochten. Mar ynheljen wurdt lèstich at jo auto nummer 40 binne dy`t efter sa`n Josti-autootsje oanhobbelt.

Mar dit kear haf ik mazzel. Ik bin dejinge die dirèkt efter it Josti-weintsje sit. Ik lit de snelhiid hwat sakje hoewol dat amper mooglik is. Ik tink dat de minimumsnelhiid fan myn auto al heger leit dan 45! Mar mei myn poat op`e  rem slagje ik d`r yn hwat ôfstand te meitsjen tusken it Jostikarke en ik. Myn remblokken haffe it iiwiche libben. Remje stiet tsjinoar soksette en dèrom rekje ik it rempendaal nauliks oan yn disse kontreien wèr de tiid stilstiet.

No`t `r sa`n 100 meter tusken ús yn sit jou ik gas. Ik skeakelje werom nei de twadde fersnelling, krap 7000 toeren, de moter sit tsjin de toerebegrinzer oan, ik smyt `m yn`e tredde en traapje it pendaal hast troch de flier fan myn bolide hinne. Myn règ wurdt yn de kessens drukt en de toereteller jout wer sa`n 7000 toeren oan en ik ram it Josti-autoke fol efteryn. Ik hoopje de wrâld te ferlossen fan twa swakbejeftige obese semi bejaarden dy`t sich foartbeweegje mei de gang fan in opfoerde naaktslak. Hwat in klap! Ik sjoch de efterkant fan it autooke fersplinterjen, it kreaket en skuort en it gelûd èrfan oerstimt de musyk fan de Plainville Butchers dy`t krekt ‘I just can`t stop’ spylje.

https://www.youtube.com/watch?v=6Ut5-2V2AvE (55 weergaven als ik dit schrijf)

Aldi buodskippetassen fleane troch de loft as oansketten swanen, in rein goedkeape hagelslach, pakjes bûter en cola fan 50 sint de liter reint op myn foarrút. Trays mei Schultenbrau Ezelpis barste iepen en yn de skomfontein makket de sinne in moaie reinbôge. In bierbôge! Ik sjoch de hevich skrokken bestjoerder mei syn 120 kilo troch de loft fleanen en hy ploft sa hurd op de groun dat ik dr hast beroerd fan wurdt. Hy skoowt mei in rotgang oer de groun, hy lit in bloederige streep efter op it asfalt. Hy hat gjin skijn fan kâns, ik jou in dot gas, skeakelje nei de fjierde fersnelling en ram de diksèk frontaal. Ik sjoch syn arms en fuotten troch de loft fleanen, it bloed streamt dr út. In rein fan bloed sproeit me oer myn foarrút. Gjin noed, ik haf krekt myn rútesproeier by fult, ik rôp oan it pookje en myn rút is wer skjin. Ik sjoch de tsjûke byridster snoeihurdas in poede moal tsjin in lantearnpeal kwakken. In grutte stofwolk! It moterblokje fan it Josti-autoke mat myn rút fersplintere haffe. Ik krij in blik Schultenbrau Ezlpis tusken myn eagen en ik reitsje knock out.

Ik stean foar de rjochter. De Offisier fan Rjocht wol myn riidbewiis foar de kommende 100 jier ynlûke. Net allinnich mýn riidbewiis mar ek dat fan myn âlden, myn bern, myn frou –en dat bin ik mei him iins, ‘vrouw achter het stuur, bloed aan de muur’- myn bruorren en de minsken dy`t neist my wénje. Hy fynt ek dat ik sorry sizze matten hie. En ik hie oanbiede matten de kosten fan de begraffenis te betèljen. En de koffie, cake, jenever en Zweedse gehaktbaltsjes yn pindasaus séker. Echt net. Mar ik bin in empatysk minsk en ik freegje nog at de begraffenis gesellich west hat oan de swak bejeftigde minsken efter my. It lyket in reúny fan minsken met tjuster omrâne eagkassen, djiplizzende baarge-eagjes, trochrinnende wynbauwen en fergroeide règgen. Cesare Lombroso leit te nokkerjen yn syn grèf.

De Offisier fan Rjocht beskrieuwt saaklik wat `r bart is. In man fan midden fjirtig raamt in 45 kilometerautootsje op de wei tusken Damnwâld en de Westereen mei de bedoeling it tabringen fan swier fysyk letsel en miskyn sels wol de dea. ‘Willens en wetens.’

“Fynst dat raar!? Grutte Domkop!” Hear ik de edelearde rjochter raazen. “De terreur fan dy 45 kilometerautookes mat marris oer weaze! Hulde menheer Mol! Hulde! Driewerf Hulde! Hulde in de Gloria!! Dzjie El O Aaar Ei-Éééééé! Glooooooria, yeah-yeah-yeah-yeah-yeah-yeah!! I`m gonna shout it all day! Fóóóókke Mol, Fóóóó’-óóóóóóóókke Môôôôll!

Amper ferbaast hearde ik de emosjonéle útbarsting fa de rjochter oan. Yn in tiid wèryn in protsje polytiekers hun bèst dogge om fan Nederlân in pliesjestaat te meitsjen lit de edeleare rjochter sjen wèrom rjochtspraak ûnôfhinklik weaze mat. “I`m not surprised motherfuckers!” sjit me troch de holle en ik hear de rjochter sjongen.

“Frijspraak foar menheer Mol! I`m gonna say he makes me feel allright. Comes a-cruisin` down my street.”

En ik bin wer frij. Ik ha neat forkeard dien.

45 kilometerautokes binne de pest fan de maatskappei. Dr is immen dy`t fynt dat iin mei elipepsy net mear yn in auto riide mei. In oanfal leit op`e loer en dèrom is in epileptikus in tikjende tiidbom yn it ferkear. Mar né! De tikjende tiidbom  is de brave boarger dy`t jirren ferkracht wurden is troch trekkers en bulldozers mei in 16 km boardjes op it spátboerd op`e iepenbiere wei, né no meitsje we diel út fan de Bungaparty fan 45 kilometeratootsjes… Hoen protte deaden falle dr jiirliks eins mei sokke riidende tupperwarebakjes??

De toskedokter

Ik haf al skoften pyn`e bek. Eltse kear at ik de toskedoter skylje sil haf ik ynienen nearne lêst mear fan. Ik bin gjin bangeskyter, ik gean gewoan net graach nei de toskedokter. Ek omdat it in Hollander is. Ik ha net in protte op Hollanders tsjin mar fan Hollânske toskedokters mat ik neat ha. Feitlik mat ik eins ek neat fan Hollanders ha betink ik me. Ek at se gjin toskedokter binne.

Hjoed docht de waffel me sa`n pyne dat ik in sin as in baarch ha. Ik ha de houn sa hurd skopt dat`r byljende wiize de dyk út gie. Hy liet me syn gebit efkes sjen, kuthûn. Eltse houn soe ‘kuthoun’ hjitte matte. “Kom hjir kuthoun!” Doe`t myn wiifke Durkje sei dat sy oars de toskedokter wol efkes skylje wol, siz ik datse har de hasses mar ris hâlde moat. Ik bin net onnoazel! Dom wiif.

Ik kin wol raaze, de hiele lofterhân kant fan myn kop bonkt, gotfer hwat docht dit stjerrende sear. Ik kin net mear prate, sels it sykheljen docht my sear. Durkje komt binnen en seit: “Kinst no nei de toskedokter. Hy hat iin dy`t net komt.” Ik fiel my ferromme mar ik snauw nog efkes nei Durkje “Ik koe sels wol skylje sei ik dochs!?” elts wurd hwat ik siz docht sear. “Gean no mar hinne, oansteller.” ripostearret Durkje. Gotferdomme, op san momint kin ik har wol fergryme. Mar ik bin bliid mei har.

“Nou meneer Mol, u hebt mazzel. Ga maar snel zitten, waar doet het pijn?” seit de toskedokter freonlik mar ik kin m wol hwat dwaan. Ik soe graach syn gouden briltsje fan syn holle lûke en kapot wâldzje wolle. Mar ik gean lizzen yn de stoel en ik doch myn moule iepen en myn eagen ticht. Ik doch altyd myn eagen ticht yn`e stoel. Dr is neat te sjen, domme poster oan it plafon, bytsje doel om se iepen te hâlden.

Mar it ontkomt my. Ik ha myn eagen wiid iepen en ik sjoch de holle fan de toskedokter fan tichtby en ik sjoch him sa yn syn noas. ‘Gatferdamme, allegear hier, hie dr wol efkes knippe mocht. Hwat in swyn.’ tink ik. Ik blieuw sjen en ik sjoch hwat oars yn syn noas. D`r hinget in snotsje yn de hieren fan syn noas. De man is drok dwaande mei allegear tankjes  en heakjes. Ik kin neat sizze, ik kin net raaze en ik stek myn hân op om oan te jaan dat`r yts net yn `t oarder is. ‘Haha..’ laket de toskedokter, “..het doet nog geen pijn toch? Jullie Friezen zijn allemaal zo hard toch?”

At ik nog libje at ik út disse stoel kom slaan ik him. Ik flyberje as in wylden, allegear spúg, ik kin it mar krekt fuortslokke. De latex mofkes smeitsje goar. Ik doch myn eagen wer ticht. Dit hie ik net sjen matten! Fan fiftjen sentiméter ôf in snotsje besjèn! Fan de toskedokter! Hoe kin dit barre by san man!? Hy wyt dochs dat de hiele dei minsken him yn`e noasgatten sjogge! Hy is ek nog net klear mei syn gekloat. It swit rint me yn`e naad at ik betink wat`r mei dat snotsje barre kin. Ik slút myn eagen wer.

Ik kin me fansels wer net behearse en ik doch myn eagen wer iepen. It snotsje is fuort! It is fuort! Ha!Yes! Mar ik besef my dat`r de hiele tiid mei my dwaande west hat, ik haf him ek net proesten heard as snúven heard. Bliksem né! Oh gotfer wèr is dat snotsje dan blieuwn!?

Is it spookje út syn noas fallen en leit it miskien op dat serfetsje wat op myn boarst leit? Haf ik it fallen heard? Haf ik it fallen fielt? Sa`n sèft plofke? It krybelt my tussen de eagen. It krybelt me dèr al efkes. Jasses, in pulkje fan de toskedokter tusken myn eagen. At dat snotsje in bytsje fochtich is dan sit is fèstplakt tusken myn eagen. Hoe mat ik dat`r ea wer ôfkrije? Ik sjoch foar my hoe de toskedokter syn ark opromt, de stoel rjocht set en klear stiet om my in hân te jaan. Hy sjocht nei in plak op myn foarholle. Hy sjocht hwat. It snotsje? Soe hy troch haffe dat it út sýn noas fallen is? As lei dit yn de plenning? Dat`r dit mei sin dien hat? Hy stiet wol te gniizen. Dat smoarge kring is dr wol ta yn staat!

De boor bringt my werom yn de wurklikhied. It gillende gelûd en de pyne dy`t troch de ferdoafing hinne sjit docht me de eagen wer iepenjen. Wylst ik liz te krommenearjen lûke myn eagen wer nei it noasgat, it is nog steeds leeg. Allinnich in grut bosk hier, fierder neat.Ik twiifelje. It krybeljen tusken myn eagen is fuort. Ik jou myn harses de taak om te fielen at`r yts tussen myn eagen sit. Myn harsens antwurdzje net. Jokket it? Né, net echt. Efkes fiel ik neat mar dochs krybelt dr yts. Sa lâns de hége kant fan myn noas ferplakt de krybel sich rjochting myn eaghoeke. In miniatuer knikkerbaantsje foar in lyts snotknikkerke. It krybeltsje ferpleatst sich starich. Myn holle hinget hast understeboppe, it kin dat snotsje net weaze! Ik oertsjûgje mysels dat it in gewoan krybeltsje is. De toskedokter triuwt myn holle djipper yn de stoel en fuortendaliks ferpleatst it krybeltsje sich wer. Ik besykje út alle macht myn holle nei de lofterhân side te draaien mar hwat ik ek besykje, dr sit gjin beweging yn en ik fiel it kriebeltsje sich ferpleatsen….

Sjocht die kut-assistente dan neat? Blyn hynder! De toskedokter eamelt hwat, ik ferstean dr neat fan, hy leit syn hân efter de holle steun fan de stoel en drukt de boel hwat nei foarren. It krybeltsje ferpleatst sich om de side fan myn noas hinne, hiel efkes tink ik dat it snotsje sa myn eigen noas yn rolje sil. Mar dat bart net, ik bin yn staat god te tanken. Tagelyk fiel ik it snotsje troch it snot goatsje under myn noas nei benéden roljen, san nei myn boppelippe. Hiel langsum. Ik reitsje yn panyk. Daliks in stik snot fan dy kloathommel yn myn freet! De tosdkedokter boarret troch al wie dr neat oan`e hân.

Hin!? Apart! Ik fiel neat mear! Al in skoftsje net! Gjin krybeltsje mear! Myn hart slaat my yn`e strot. Myn spieren spanne sich om myn kop mear efteroer te drukken mar de stoel wurket net mei. Ynienen fiel ik toch hwat oer myn lippe roljen en it krybelt aldersferskrikkelikst en dan is it fuort. De toskedokter hellet de boar út myn moule, ik doch myn moule ticht en ik prieuw in lyts sâlt smaakje….